Yntroduksje
Fan 1901 oant 1972 libbe yn Fryslân Paulus Folkertsma. Hy wie ûnderwizer oan de legere skoalle yn Aldeboarn, bestjoerslid fan ferskillende maatskiplike en tsjerklike organisaasjes, mar foaral wie hy komponist. Mei troch de grutte beskiedenheid fan Folkertsma is yn Fryslân, mar grif ek dêrbûten, te min bekend oer dizze markante musikus.
Wy hoopje troch dizze webside in bydrage te leveren oan de neitins fan dizze komponist en oan it fergrutsjen fan de bekendheid fan en dêrút fuortfloeiend de wurdearring foar syn wurk.
Fragen, oanfollingen en kommentaar op dizze website binne wolkom. Musisi dy’t belangstelling hawwe foar de neamde wurken, wurde útnoege om kontakt op te nimmen met de Paulus Folkertsma Stichting.
Útstjoering Concertzender
Tiisdei 17 oktober fan 21.00 oant 22.00 hat de Concertzender yn de rubryk Kroniek van de Nederlandse muziek in oere lang wijdt oan wurk fan Paulus Folkertsma. Jo kinne dizze útstjoering HJIR noch weromharkje.
Nei it Nijsargyf.
Ta gelegenheid fan it fyftichste jier fan it ferstjerren fan Paulus Folkertsma wol ús Stichting in keunstwurk pleatse litte yn de foarm fan in boarstbyld fan de komponist yn Aldeboarn. It byld is ûntwurpen en wurdt realisearre troch byldzjend keunstner Ben van der Geest. Jo kinne bydrage oan de realisaasje fan dit idee troch in donaasje fia de knop hjirûnder.
