Biografy
Paulus Folkertsma waard berne op 15 jannewaris 1901 yn Wommels. Yn 1906 ferhuze hy mei syn âlders nei Berltsum, wêr’t hy syn earste fioelelessen krige fan de pleatslike ûnderwizer. Mei14-jier gie Paulus Folkertsma nei de Rykskweekskoalle foar ûnderwizers yn Maastricht.
Fan dat stuit ôf krige de muzyk in hieltyd gruttere betsjutting yn syn libben en skreau hy syn earste komposysjes. Hy sluet syn studzje ôf mei it heljen fan de ûnderwizersakte.
Nei tiydlike oanstellingen yn Ljouwert en Sondel waard hy beneamd oan de ipenbiere legere skoalle fan Aldeboarn, wêr’t hy mear as 40 jier as ûnderwizer wurksum bleaun is.
Yn 1956 troude hy mei de Weense Helga Khek; se krigen 4 bern. Paulus Folkertsma is op 4 maaie 1972 yn Aldeboarn ferstoarn.
As komponist wie Paulus Folkertsma autodidakt.
In autodidakt, dy’t de keunst fan it komponearjen, dreaun troch in grutte wittenskiplike belangstelling, grut enthousiasme en in natuerlike oanlis, mei izeren wil bemachtige.
Sûnt Jaques Vredeman is Paulus Folkertsma sûnder mis de belangrykste komponist dy’t Fryslân fuortbrocht hat.
Paulus Folkertsma hat 77 offisjele opusnûmers neilitten, it werklike oantal is mear as hûndert.
It giet dêrby om oargelwurken, lieten, wurken foar symfony-orkest, kantates, operettes en keamermuzyk foar de meast útienrinnende besettingen.
It is net ienfâldich Folkertsma’s styl te beskriuwen. Modern is syn muzyktaal alderminst. Hy wist dat sels ek hiel goed. Yn in tankwurd, dat troch him útsprutsen is yn 1971, nei in konsert ta gelegenheid fan syn 70e jierdei, lei Paulus Folkertsma de klam der op dat hy, nettsjinsteande de grutte ûntwikkeling dy’t de muzyk yn de 20e ieu trochmakke hat, romantikus pur sang bleaun wie.
Hy woe dêr mei oanjaan, dat hy troch J.S.Bach en de Weense klassiken beynfloede is en dat de muzyktaal fan de impressionisten en letteren oan him foarby gien is.
Syn wurk tsjûget fan in ynerlike spanning en emoasjonaliteit, dy’t hy yn syn muzyk “ûnder behearsking” bringe woe.
Dat hy sterk yn de tradysje woartelt wol likegoed net sizze dat syn wurk net wat eigens ynhâldt, yn syn lieten binne passaazjes te finen, dy’t ta it meast besiele rekkene wurde kinne, dat ea op in Fryske tekst komponearre is.
Klik HJIR foar in fideo oer Paulus Folkertsma
Fragmint radioprogramma Diskotabel
Dokumintêre omrop Fryslân: Paulus Folkertsma in ynbannich komponist.