Promoasje CD

Promoasje CD

De promoasje-cd kaam ta stân  mei troch  in finansjele  bydrage fan:

Douwe Kalma Stifting

Stichting Juckema Siderius fonds

Ottema Kingma Stichting

Pollema Tromp Stichting

CD-hoes: Paulus Folkertsma en syn wenhûs oan de Weaze yn Aldeboarn.

Paulus Folkertsma (1901-1972) hat it grutste part fan syn libben ûnderwizer west yn it Fryske Aldeboarn. As komponist wie hy autodidakt. Hy hat  77 offisjele opusnûmers neilitten; it  werklike oantal komposysjes is mear as hûndert. It  giet dêrby om oargelwurken, lieten, symfoaniske  wurken, kantates, operettes en keamermuzyk foar de ferskillendste      besettingen. Dizze promoasje-cd jout  in yndruk fan syn brede oeuvre.

Klik op de titels om it fragmint te hearen.

Ut: Wer binn’de fjlden grien

1. Ynlieding

2. Fijân, mei dyn wreed geweld

De Twade  Wrâldkriich  hat op Paulus Folkertsma grutte yndruk makke. In protte fan syn komposysjes jouwe dêr útdrukking oan. De kantate “Wer binn’ de fjilden grien” op. 52 foar koar en orkest datearret út 1949 en is skreaun  op teksten fan de Fryske dichters Douwe Tamminga en Fedde Schurer. Opfallend liket it gemak wêrmei  hy foar dizze besetting skriuwt. It resultaat mei der wêze: yntrigearjende orkestynliedingen, klankfolle  muzyk foar  it koar mei rij rûnstruide, fernimstich skreaune  modulaasjes.

Ad hoc orkest û.l.f. Harm Witteveen, Klaske Folmer (deklamaasje)

Fan de cd Paulus Folkertsma, VPRO CD 014, 1992

3. In memoriam Blackhall, Sutton, Emmons (fragment)

Folkertsma’s  djipsinnichste wurk is sûnder mis it strykkwartet út  1943 “In memoriam R.O.Blackhall, A.J.Sutton, K.E.Emmons”, skreaun  ta oantinken oan  trije bemanningsleden fan in Halifax-bommewerper fan de Royal Canadian Air Force dy’t omkamen by in crash op 5 maaie 1943 yn de buert fan Aldeboarn. It is in bysûnder konsentrearre wurk, wêr’t Folkertsma syn hiele  harmoaniske fynsten en kontrapunktiske betûftens yn kombinearre  en tsjinstber makke hat  oan  in oangripende sfearskildering. De ynvinsje allinnich al is unyk. In anapest wêrby’t de thesis hieltyd  in lytse  terts ûnder de arsistoanen leit, is it haadmotyf. Yn ien lange beweging wurdt fia kontrapuntyske yntriges en pregnante harmonijen in spannende klimaks berikt, wêrnei’t de spanning op hiel natuerlike wize weifloeit. It ein wurdt berikt  fia in tige ynventive slotkadens wêryn’t in hieletoanerige foar de ûnderstim in  opfallende rol spilet.

It  Hathor Strykkwartet

Fan de cd Paulus Folkertsma, VPRO CD 014, 1992

Ut Pianosonate op. 57 nr. 2

4. Romance

5. Rondo

Johan Bijhold (piano)

Fan de cd Mimerij, Hecro HRCD030202, 2001

Ut Sonate foar fioele en piane yn d op. 46

6. diel 3

Jan Hulst (fioele), Cees Steinroth (piano)

Fan de cd Paulus Folkertsma, VPRO CD 014, 1992

7. It fanke op ‘e bûthúsbank

8. Sliepsankje

9. Mimerij

10. Advintsliet

Tetsje van der Kooi (sopraan) en Lieven Sienema (piano): 7, 8

Ben Brunt (bas-bariton) en Lieven Sienema (piano): 9

Arjen Veenhuizen (bas-bariton) en Johan Bijhold (piano): 10

Fan de cd Mimerij, Hecro HRCD030202, 2001

Ut Mei snare en tonge

11. Wolkom freugde fan ‘e wrâld

12. Bokke bea

13. Jûnbea

Yn it oeuvre fan Paulus Folkertsma nimt de kantate Mei snare en tonge in besûnder plak yn. Folkertsma sels neamde dit wurk “it bêste dat ik ea skreaun ha”. It  is dêrom ek hiel spitich dat de bledmuzyk yn de rin fan de jierren ferlern gien is. It iennige dat bewarrre bleaun is, is in  koarpartituer en in kasettebantsje mei in opname fan dit wurk, útfierd troch it Frysk Orkest en koaren út Bolswert, Snits en Grou û.l.f. Bram Feenstra op 27 juny 1966 yn de Martinitsjerke yn Bolswert.

Mei dit materiaal hat Johan Bijhold besocht dit wurk te rekonstruearjen. Hast maat foar maat hat hy it  bantsje ôfspile en dat wat hy hearde oan it  papier taefertroud. Fan it begjin ôf wie it perfoarst net syn bedoeling de oarspronklike ynstrumentaasje oerein te hâlden; út respekt foar de komponist hat  hy Folkertsma’s komposysje bewurke foar koar en strykkwartet. It  op dizze wize  rekonstruearjen fan in komplisearre komposysje is fansels  in muontsewurk en Bijhold hat dêrmei in prestaasje fan formaat levere. Wy binne him dêrfoar dan ek tige      tankber.  Troch syn ynspanningen is it no mooglik kennis te nimmen fan Folkertsma syn opus ultimus.

It Nije Ensemble û.l.f. Hoite Pruiksma

Live-opname fan in konsert op 24 oktober 2009 yn de Grutte of Jacobijnertsjerke yn Ljouwert.

Ut De Jonkerboer op. 50

14. Io vivat

15. ’t Wie sa stil

16. Altyd bliuwt de leafde

De Jonkerboer is in opera yn 2 bedriuwen, skreaun  yn 1944. De tekstdichter dr. Ype Poortinga basearre syn libretto op in ferhaal út de Rimen en Teltsjes fan de 19e ieuske Grouster skriuwer dr. Eeltsje Halbertsma. Folkertsma hat dit wurk skreaun foar  in grutte besetting mei solisten, koar en orkest. De bewurking op dizze cd is makke troch Johan Bijhold.

It Nije Ensemble û l.f. Hoite Pruiksma

Live-opname fan in  konsert op 28 september 2008 yn de Sint Piter tsjerke te Grou.